top of page

# 1. Spierpine

Bijgewerkt op: 17 aug

Hjoed-de-dei stelle minsken in soad sportdoelen. Om dy te heljen gean se trainen. Dat

bart dan al gau tige fanatyk en ticht by it stelde doel, it leafst wolle se sa fluch mooglik

it doel yn de training heljen.

As foarbyld nimme we it draven fan fiif kilometer. As minsken dêrmei begjinne, dan gean se

faak elke training in stikje fierder, leafst sa ticht mooglik by de fiif kilometer. De earste kear

slagget trije, dernei trochsette nei fjouwer kilometer en de tredde training op in bytsje

toskfleis de fiif kilometer.

Trainen wurdt dan einliks neat mear as testen. De mjitte fan spierpine wurdt dan de mjitstêf.

Sa hearst wolris in Ingelske útspraak ‘no pain, no gain’! Wat soks betsjut as sûnder pine is

der gjin foarútgong. Dat giet natuerlik net op en makket foaral in soad stikken. Fan it lichem

besjoen is trainen net mear as richten op it oanpassen op de ferwachte omstannichheden.

Der is krêft nedich, longynhâld en soerstof nei de spieren, ferbrâning fan enerzjy, mentale

krêft. Al dy systemen freegje tiid foar oanpassing en ôfwikseling. Dat freget geduld, tiid en

belied. Hoe better ús lichem har oanpasse kin oan de omstannichheden, hoe nofliker en

feiliger de útkomst.

Sûnder trainen kinne we ek wol in soad berikje as prestearje, allinnich is de priis nei ôfrin

heech. Langduorjende blessueres, somtiden in heech risiko op gefaar foar de sûnens en

faak fier wei fan fertier, komfort en grutsk wêze kinne op it proses.


At it liif goed traind is, kin it har ek oanpasse yn oare situaasjes sa as in stressfolle perioade,

net deistige situaasjes as in ûngemakje. We kinne der op in oare wize nei sjen. Trainen is

ússels leare kinne, sawol ús lichaamlike kant as de mentale kant. Dat wy leare hoe't it foar ús

persoanlik fielt, wat wy fiele nedich te hawwe.

Yn dat gefal is training ûnderfining krije mei ússels en dêrby ek de omstannichheden

rjochting in steld doel. Wêrby it doel dus bysaak is.


Litte we dêrom net traine foar de prestaasjes, mar oarsom, litte we ússels kinnen learen,

wêrtroch we it lichem traine kinne har oan te passen oan alles wat der komt. In noflik proses

dêr’t we stadichoan leare om te gean my ússels en de fariaasjes dy't we tsjinkomme.

Dêrby sa no en dan in test as wedstriidmomint om te sjen hoe’t dat slagge is.

1 opmerking


astgb1826
14 nov

Ik herken wel wat er in deze tekst wordt gezegd over té fanatiek trainen en spierpijn gebruiken als meetlat – daar trap ik zelf ook snel in als ik een doel heb. Juist daarom zoek ik na het sporten soms iets totaal anders om m’n hoofd leeg te maken, zonder mijn lijf nóg een keer af te beulen. Dan pak ik op de bank af en toe https://lalabet-nederland.bet/nl/app/ erbij – dat is een mobiele casino-app waarbij je rechtstreeks via je telefoon kunt spelen. Wat mij opvalt, is dat je in de app snel ziet welke spellen geschikt zijn voor mobiel, dat de balans en recente transacties duidelijk in één scherm staan en dat je in de voorwaarden netjes info vindt over…

Like

Gemaakt door:

Jort van Zutphen

bottom of page