# 5. Út'e holle yn it liif
- Jortsport

- 17 aug
- 2 minuten om te lezen
Nei in drokke dei op it wurk gau nei hûs, de kop sit noch fol fan alles wat der op sa'n dei bart. Thús itensiede as oare deistige taken oanpakke. Undertusken alwer omtinken foar alles wat op jûntiid as oare deis wer barre moat. Dat giet yn dyn holle sitten en moat der eins út!
Boppesteande kom ik noch wolris tsjin, dan nimt de dei in soad enerzjy en ek oandacht. It út sich dan yn pineholle, in wurch gefoel yn 'e lea as oare fysike sinjalen. Somtiden tink ik dan dat ik rêst hawwe moat en ik gean dan op 'e bank lizzen. Nei in oere lizze fiel ik my faaks net better, ik fyn ik it dan skande dat ik net myn training dien haw sa as ik it op it skema stean hie.
De kearen dat ik de kar meitsje dochs de draafskuon oan te lûken en mei alle sinjalen fan it liif de doar út stap, haw ik measten in pear kilometer nedich om de drompel oer te kommen. Dêrnei kom ik los fan alle saken dy't myn holle op hol bringe en myn liif remme. Troch it draven kinne al dizze saken myn liif út komme en wurdt it wer rêstich. Al wat sa wichtich like is dochs hielendal yn it momint net sa wichtich.
Dan hat ús holle dochs wer tefolle romte krigen. Pas as it lichem en -dermei ek it hert- de romte kriget, dan kin de holle it wer loslitte. Besykje it mar, nei een lange en drokke dei dochs de aktiviteit opsykjen en fernim hoe dyn lichem der op reagearret. Pas as it lichem de romte kriget kin de holle regulearje. Somtiden geane de gedachten noch wat flugger as komt alles nochris foarby. Nei in skoft silst merke dat it genôch west hat, it tinken komt wer mear ta rest en do kinst mear dwaande wêze mei hjir en no. Wêr ast bist, wat ast om dy hinne sjochst. It wurdt wer helder en oersichtlik. Myn pineholle is dan faaks wer fuort, ik bin minder wurch en ik fleur der sels noch wat fan op.
Mei dat idee kinst ek besykje om dêr moarns mei te starten. Kuierjen, draven, fytsen as oare fysike ynspanningen wêrmei ast de dei mear yn it liif begjinst en de holle yn alle rêst folgjen list. Dwaande wêze is as basis al goed, syklyske bewegingen kinne krekt foar wat mear effekt soarchje.




Opmerkingen