# 4. Ik hâld net fan ferrifelerij
- Jortsport

- 17 aug
- 2 minuten om te lezen
Weagen, wyn en wrotten. De Frysman 2025 wie in edysje fan trochsette en wisberettens. Alles komt tegearre op ien dei wat it sa bysûnder makket. Sa kinne saken ynienen hiel grut wurde as werom ta de kearn komme.
De sporten dy't ik doch gean net oer momintopnamen, mar hawwe altyd in kop en in sturt. Meastal oer in langere tiid fan tarieding. Dat jildt net allinnich foar my mar ek foar oare saken yn de sport. De Frysman is der in foarbyld fan. Lyts begûn yn 2015 mei de earste edysje, beskieden mar mei ambysje. Dat betsjut net heal wurk, elke dielnimmer moast doe ek de folsleine ôfstân ôflizze, lykas dat de organisaasje en de Heldenhelpers yn de wike foarôf in bealich fol wurk fersetten. Dat is no yn 2025 mei de achtste edysje net oars, allinnich is it groeid fan 60 nei hast 300 dielnimmers. It wurk soarget foar it resultaat en is trochtocht, lykas de dielnimmer is it resultaat foar it grutste part behelle yn al it wurk foarôf. De wiken, moannen as jierren.
Hjoed-de-dei hawwe te krijen mei AI wat yn inkelde sekonden wat reprodusearje kin wat dêrfoar miskien wol jierren koste. Somtiden skeelt it tiid as sels jild, dat liket dan snoad en makket nijsgjirrich. It skeelt ek de ynvestering yn dysels, it bouwen oan feardichheid en is dus net handich yn praktyske sin. It bringt dy net nei de finish, it jout gjin high fives fan de sydline ôf, it fangt dy net op oan de oare side fan in hikke en it soarget al hielendal net foar triennen ast yn de earmen fan in leafste falst. De ôfsnijrute, it motorke as wynbrekkers fertelle miskien wol datst it noch net genôch dien hast om it op eigen krêft te kinnen. Datst noch feardigens te ûntwikkeljen hast om wer in stap fierder te kommen. Doch dy en de oaren rjocht oan troch it sels te dwaan, it wiere resultaat hâldt mear stân dan de ferrifelerij yn it folle ljocht. De measte tiid mei trainen bringst troch my dysels en dermei wat yn it skaad fan alle oare deistige saken. Geduldich bouwe fan dyn mooglikheden út nei de dei dat it heve sil. De wurdearring fan oaren sil dat dúdlik meitsjen. Sy binne der as tsjûgen by en ynvestearje tiid yn dy mei de hoop datst it hellest op eigen krêft. Trochdat sy dy yn it ljocht sette, stietsto net langer mear yn it skaad. En dat is it wurdich, ek al hellest it net yn ien kear.




Opmerkingen