top of page

# 6. Sportgekkie?

Foar de start fan de Kardingebultra sei de organisator tsjin it publyk en de dravers: "Hjir stean 110 sportgekken." Ik seach myn freon neist my oan; "binne wy gek, ik tocht dat de wrâld gek wie?" 

In de wike dernei siet ik mei in kollega te praten en se fûn it moai dat myn frou en ik beide sa sportyf binne en dat we inoar fûn hawwe as 'sportgekkies'. Dochs fielt it foar my wat nuver 'gek' neamt te wurden. As ik myn persoanlike gefoel folgje dan past it by myn eigen ferwachtings, myn tarieding is der nei, ik bin frij om it sels te kiezen en it is net in ympulsive kar. Sa gek is it neffens my net. Blykber bin ik ek net de iennichste mei it doel de útdaging oan te gean. As nim ik miskien in heech risiko, wêrtroch it dochs 'gek' is. It parkoers rint troch bewenne gebiet en hat gjin gefaarlike passaazjes, fersoarging is goed regele, elke omrin fan 6,7 km kinst útstappe, ite, medyske begelieding krije.

As doch ik in oar der wat mei oan? Binne der minsken dy't lêst hawwe fan myn sportútspattingen? Myn frou fynt it bêst en stipet my yn myn kar. Se hoecht ek net oanwêzich te wêzen, mar komt út eigen beweging oan it ein sjen. Myn âlden komme ek sjen en fine it machtich. Ek it oare publyk is enthûsjast en liket der gjin problemen mei te hawwen. Soe it dan miskien gean oer de definysje fan 'gek'? It wurdboek seit; 1. van het verstand beroofd; = krankzinnig: zich niet gek laten maken kalm blijven. 2. dwaas, bespottelijk: geen gek idee een mooi plan; gek doen vreemd. 3. (+ op, van, met) erg gesteld op, verzot op/te gek! prachtig!; dat is te gek voor woorden dat is absoluut niet acceptabel; het is te gek om los te lopen het is al te dwaas; het is van de gekke het is dwaas. (Dikke van Dale)


Mei dy útlis liket it dan dochs wol in foaroardiel te hawwen. Ik soe my yn tinke kinne dat de oar dat seit út ûntsach en miskien it idee dat sels net te kinnen as miskien te doaren. Gelokkich moat dat ek net. Dochs soe ik de oar dan útnûgje wolle my net 'gek' te neamen, mar mear it eigen gefoel oer harren sels út te sprekken. As miskien trochfreechje om my better te begripen. Tagelyk nûgje ik de oar dan ek út om him as harsels sportyf út te daagjen, 'wa is der no gek as net?'. We leare dan fan ússels en kinne miskien dermei de oar ek better begripe troch it streekrjocht te freechjen. It draven wat ik doch is dochs ûnskuldich neist wat deistich bart op de wrâld. It soe dochs nofliker wêze as minsken minder de striid as it konflikt mei-inoar oangean út foaroardielen, ferskil yn eftergrûn, religy, macht as ekonomyske belangen. Ik soe se gunne dat se earst mei harren sels fysyk yn petear gean en út frijheid it kontakt mei dysels oangean, dyn eigen dreamen, winsken útfiere yn kontakt mei de oar. Sadat ferwachtings kloppe, mei tarieding wêrtroch it net ympulsyf is, de risiko's te oersjen binne foar dysels en foar de oar. As it dan noch steeds net 'gek' is, doch it dan mar.

Opmerkingen


Gemaakt door:

Jort van Zutphen

bottom of page