top of page

# 7. Training 4 x 25 km

Yn oanrin nei it WK 24h yn oktober yn Frankryk stie der in wichtige training op myn skema. It draven fan 4 x 25 km mei dertusken skoft fan maksimaal 2,5 oere. In training dêr't wurgens in wichtich aspekt is en dy't freget om oanpassings op tal fan saken. Hjir de útwurking!

Einliks moat ik der ek by sizze dat ik de training ein 2021 al op de planning hie, mar dat ik om in blessuere foar te kommen de training al by de earste set nei 4 km ôfbrekke moast.


Om it tal kilometers yn in wike wat te ferheegjen binne dit soarte trainingen ideaal. No kin dat net hiel faak om't it dochs in fikse oanslach op it liif is. Foar hjoed hie ik oare sportive freonen benadere om wêr it slagget oan te sluten. Fierder benaderje ik it lykas elke oare training op in sneon. Sa bin ik earst noch efkes yn it swimbad foar in oerke trainen, as in prima warming-up.


Set ien start om âlve oere moarns, Roelof draaft mei. Ik haw in rûte útset. Mar sa gau as ik him tref komt er mei it foarstel foar in rûte en knypeaget as ik wol mei dy feroaring omgean kin. Syn ynset leveret foar my twa nije paadsjes op dêr't ik nea earder west wie. It draven giet as fansels, wat ek komt trochdat hy en ik in fergelykber basistempo hawwe. De ynspanning is fan duernivo, sadat we ek tal fan oare saken beprate kinne. Fysyk en mentaal is dit maklik. By thúskomst leit de fokus op iten en 2,5 oere rêstich oan.


Set twa start tsjin 15.30 oer yn 'e middei. Sûnder meidraver en allinnich. Ik lûk oare draafskuon oan; sa krij ik wikseljende ûnderfinings mei materiaal en fieding. It tempo is fergelykber mei de earste set mar it freeget neffens my dochs mear enerzjy. Miskien troch de wyn as troch de 25 km dy't al yn myn fuotten sitte. Ik bliuw goed drinken en yt myn geltsje. Fokusje op sûplesse en ûntspanning. By weromkomst earst efkes rekke dan stiet der sop en pasta klear. Efkes dûse en dan wer rêst.


Set trije. Krekt foar 20.00 oere stapt Tsjeard it hûs yn. Ik rek noch efkes en smar myn fuotten yn mei krêm tsjin blessueres. Wer in oare rûte. Us nivo is ferskillend wêrtroch ik in oar tempo draaf dan de eardere sets. Foar Tsjeard is it in stapke der by. Dochs kinne we yn duertempo saken beprate en sjogge in moaie ûndergeande sinne. Myn liif wurdt stadichoan stiif. Underweis dochs efkes stoppe om te rekken, dat helpt goed. Sa no en dan draven we swijsum neist inoar. It is dan genôch dat we tegearre binne sûnder wurden. Do hearst de azem en stappen fan de oar en dan witst genôch. As we 22.15 oer weromkomme haw ik in koartere rest oant de lêste set. Efkes goed iten en ûnder in tekken op de bank.


Set fjouwer. Myn broerke Ian komt 0.00 oere yn stilte troch de doar. We prate koart troch wat it plan is. Dernei fuort, krekt foardat we de doar út gean moat ik dochs noch efkes nei it húske. Troch de ynspanningen falt it termstelsel mear stil mar de rêst is krekt lang genôch om it wer op gong te krijen. Underweis yn it tsjuster is it stil. Spinreagen dwarrelje troch de loften. We hearre fûgels. Hjir en dêr brânt noch ljocht. It liif komt wer yn ritme, mar kreaket sa no en dan. Rekke en fieding helpt. Ek it selskip is in noflike fokus sadat de stivens en it mislike gefoel efkes net yn de oandacht binne. Om 2.37 oer stappe we it hûs wer yn. Ik sprek myn tankberens út nei myn selskip mar ek nei myn lichem.

Opmerkingen


Gemaakt door:

Jort van Zutphen

bottom of page