top of page

# 3. Meedoen is winnen

Bijgewerkt op: 17 aug

"Silsto hjoed de priis ophelje?" frege ôfrûne jier ien fan de rinners út de draafploech fan Weidum oan my yn oanrin nei de triatlon fan Wommels. Wêr ik de fraach prima begripe koe, fielde ik my dochs net hielendal sjoen. Somtiden liket it om 'winnen' te gean, winnen as yn better, flugger as earder wêze wolle dan de oar, mar it meast fan de tiid giet it wat my oanbelanget oer hiele oare saken, dy't wichtiger binne en langer meigean dan de koarte eufory fan winnen. Yn in wedstriid kinst dyn krêft mjitte mei in oar, sa kinst stelle datst miskien wol flugger as earder wiedest mar it seit neat oer de manier wêrop ast dat berikt hast. Ek seit it neat oer de ynspanning, it fertier en wat der allegear fierder bard is yn de wedstriid. Ek seit it neat oer it ferhaal wat foarôfgong is.


Stel dysels ris de fraach: 'wat soe foar my winnen as winst wêze?' Somtiden is allinnich it oangean as ynskriuwen al winst. De slogan fan de Socialrun (in team draaf estafette mei as doel stigmatisering fan mentale sûnens tsjin te gean) is 'meedoen is winnen'. De drompel oerstappe en dysels bleatstelle oan in útdaging kin winst wêze. Miskien leit de winst ek wol yn it wer oppakke fan sporten nei in swangerskip en wer fertroud reitsje mei dyn lichem. As is it winst datst net gelyk efter de oaren oan fleanst mar moai op dyn eigen tempo nei de finish komst en dermei moai oan dyn selsrespekt wurke hast.


Ik mei graach minsken folgjen yn harren ferhalen rûnom sport en dermei ek yn it libben. As it nedich is draach ik graach by om it ferhaal nei in goed ein te bringen. Al is 'ein' net it goeie wurd. Sa as yn it nije ferske fan Sjoerd ensa te hearren is "..it giet net om it ein mar it giet om it rinnen, om de kar foar in oar, foar wat komt en giet, wittende datst it ea ferliest". Soarchje mar datst foarút komst en in moai ferhaal makkest.


Yn Wommels kaam ik as twadde oer de ein streek, de nûmer ien wie krekt wer werom fan in swiere blessuere krekt op tiid wer fit foar it wrâldkampioenskip triatlon op Hawaï. De sportive striid mei my wie der in moaie test foar, foar dyjinge dy't tinkt dat ik him winne liet; nee hear. Hy mei ek winne krekt as ik en de rest fan it fjild.

Sa hat elk syn as har eigen ferhaal, miskien leit der wol de winst en is de nûmer 71 like goed winner as de nûmer 1. Wa sil it sizze.

1 opmerking


Weddenschappen die zijn gebaseerd op een analyse van eerdere wedstrijden en de huidige vorm van teams hebben altijd een grotere kans van slagen. Het is noodzakelijk om het nieuws te volgen en op de hoogte te blijven van blessures van spelers of veranderingen in de technische staf. Deze factoren kunnen een aanzienlijke invloed hebben op het spel en het resultaat. Wat vindt u van de Crystal Roll website? Door uw strategie te ontwikkelen, kunt u uw weddenschappen winstgevender maken. Het is ook belangrijk om rekening te houden met de risico's om verliezen te voorkomen, zelfs bij de meest nauwkeurige voorspelling.

Like

Gemaakt door:

Jort van Zutphen

bottom of page