top of page

#2. Brijleppel.

Bijgewerkt op: 17 aug

As jonkje fan in jier as 10 krige ik myn earste racefyts. Myn heit hie fan in tal âlde racefytsen in kreaze 'nije' fyts makke. Ik mocht sels de kleuren kieze. Doe wie it al swart en read. Hy spuite de kleuren der yn in sels makke spuitkabine op. Mei in pinsiel kaam myn namme der ek noch op. Wat wie ik grutsk op myn eigen fyts en myn heit. De earste rûntsjes gongen troch de buorren, dernei ek al gau de dyk út. Op de fyts nei omke en muoike in doarpke fierder en oan de ein fan de middei myn heit temjitte wylst hy nei hús fytste fan it wurk, tegearre it lêste stikje.


Ik haw doe grutsk in soad toertochten fytst tegearre mei myn heit. Hy brocht my in soad wiisheid op de dyk by. Wêr ik út de wyn fytse koe, leare myn enerzjy te ferdiele en it bêste ferset kieze. Fan lytse tochtsjes oer 50 kilometer, gong it nei 75 en 100 kilometer en al gau der boppe. Dit alles ticht by hûs yn ús provinsje en in goed selskip.


Sels haw ik gjin bern, dochs mei ik graach bern motifearje in de kunde de komme mei sport. It enthousiasme oer bringe is it belangrykste. Dat bringt jonge minsken fier yn harren libben. Ik tink dat de rol as âlder tige wichtich is as foarbyld. Bern sjogge dy as foarbyld. Foar âlders en bern binne der in soad sportaktiviteiten, faaks kinne se ek tegearre. Draven, keatsen, survival as fytsen. Lit mar oan in bern sjen hoe asto sels om giest mei tsjinslaggen, mominten dy't dreech binne, wat trochsette is, mar ek wat stipe is, tefreden wêze mei dysels ast somtiden ek net tefreden bist oer hoe't slagget, Dyn prestaasje dan krekt net it belangrykste te meitsjen.


Op dat soarte mominten kinst mar better witte litten datst wiis bist mei dyn selskip. Datst tegearre bist en net allinnich yn de ellinde sitst en dat dyn bern, freonen as âlders dy helpe fierder te komme. Sykje de fysyske útdagingen tegearre op. It giet net om it sukses yn de prestaasje mar om it selskip wêrmei ast it belibbest en wat ast leare kinst fan in oar.

Sa binne der tal fan plakken yn de provinsje der't myn dreechste mominten lizze, mar it paad net ophâld om't der oaren wienen dy't mei fierder brochten. No is it myn beurt om oaren fierder te helpen op deselde 'prachtige' mominten.

ree

Opmerkingen


Gemaakt door:

Jort van Zutphen

bottom of page